Dets Laif

Wa binne wy?

Dets Laif (2002) bestiet út Era Copier en Henk Roodbergen.
Henk sjongt, spilet syn 12 snarige gitaar en mandoline.
Era sjongt, foeget en mingt kleur en klank mei in ferskaat oan ynstruminten lykas it akkordeon, bongo’s, djembé, tinwhistles, melodica.

Apart ha wy in rike, muzikale eftergrûn.

Era: Ik song en spile by theatergroep De Realiteit en teach in pear jier troch it lân mei de muzykgroep Annie’s MG. Op fersyk fan Annie M.G.Schmidt is hjirfan in CD makke.
As bern wie ik al dwaande mei skriuwen, muzyk en optreden op strjitte en tusken de skodoarren. Letter gelegenheidsteater yn mannich foarmen, sawol binnen as bûtendoar.

Henk: Ik spile kontrabas yn in jazzband en yn in folksdûnsorkest. Myn leafde foar folk/rock koe ik as sjonger, gitarist en bassist kwyt yn tal fan bandsjes.
Begjin 2002 ha ik myn CD “Snypsnaren” presintearre mei selsmakke Fryske lietsjes.